Foto: vrije associatie (archieffoto)
Psalmen fan hjoed yn it Frysk
In gesprek met de Psalmen. Zo zou je de 150 teksten kunnen typeren die Sybren van der Zee uit Zwolle in het Fries heeft geschreven. Iedere Psalm komt daardoor in het licht van vandaag te staan en gaat in gesprek met de dichter en met andere lezers. Je kan de Psalmen van Siebren van der Zee als toepassing lezen bij de oorspronkelijke tekst; je kan de versies van de Zwolse predikant ook op zichzelf op je laten inwerken. Ze nodigen uit tot doordenking.
Om een voorbeeld te geven. Psalm 100 heeft in de herziene statenvertaling het opschrift 'De Heere is goed'. Bij Siebren van der Zee krijgt het als opschrift: 'ek wy'.
Het eerste vers in de Friese psalmvertaling van het 'Lieteboek foar de Tsjerken' uit 1977 luidt dan:
Kom, ierde, sjong foar God de Hear.
Doch wat Hy wol en hâld dij klear
om, bliid yn Him dy't oer dij giet,
syn lof te sjongen yn dyn liet.
Siebren van der Zee gebruikt de volgende regels om het gesprek aan te gaan:
ek wy
kinne meidwaen
oan dy einleaze optocht
fan al ús foarfoars
dy’t God meinommen
Met zijn teksten nodigt Siebren van der Zee ons uit om zelf positie te kiezen. En hij brengt ons opnieuw bij de brontekst als de vraag opkomt: welke tekst gebruikte de letterlijke vertaling van de Psalm eigenlijk? Siebren heeft de onderstaande tekst afgerond in december 2024. Hij stond als gereformeerd predikant achtereenvolgens in de plaatsen: Vollenhove / Kraggenburg (1969-1973), Delfzijl (1973-1980) en in Zwolle (1980-2000).
Psalmen hjoed
forankerd
(nei ps 1)
stean mei ik
as in beam
myn holle omheech
myn fuotten yn e grûn
wêr’t wetter streamt
myn libben lang
as in frucht
kom ik nei bûten
grien op syn tiid
want dy stream yn my
is Got troch my hinne
as in wei foar my ût
to folle minsken
sykje har eigen paed
sy spotte mei it rjocht
dizze forkearden rinne dea
sy ferwaaie yn ‘e wyn
se falle de leechte yn
dizze wrâld
(nei ps 2)
sjoch de machthawwers
al die grutsprekkers
al die ierde-brekkers
sjoch de Himelwenner
Hy slacht de spot mei har
syn kening tsjinnet it rjocht
ût syn hert komt grime
it duorrit Him te lang
dizze heit foar minsken
God syket noch in Soan
dy’t it wiere ûntsach hat
wy sykje ús lok by him
klacht en dream
(nei ps 3)
se triuwe my
oan ‘e kant
tot oer de rânne
freegje ek noch:
wer is no dyn Got?
myn siele ropt
sûnder myn mûle:
Jo sjogge, Jo witte
Jo hearre, Jo helpe
ik wachtsje Jo
yn myn dream
seach ik it al foar my
komme Jo my temjitte
falt in lêst fan my ôf
mei ik der boppe stean
lytse frede
(nei ps 4)
jimme hege hearen
dy’t my te nei komme
dy’t it goede net achtsje
ik libje mei myn God
gâns minsken tinke:
it goede hellet it net
se libje om God hinne
har hert liket tichte gien
it is faeks yn e nacht
dat in minske lyts wurd
mar by Jo kin ik my deljaen
ûnder Jo wacht kin ik sliepe
as ik wekker wurd
(nei ps 5)
eltse moarntyd
mimerje ik nei Jo ta
ik jow Jo myn dei
alles wat my beneart
as jo poarte ticht giet
foar de ferkearden
lit my dan in plak fine
wêr’t Jo doar iepen giet
dit is what my treast:
Jo sjogge al dy ûnfrede
troch al dy bang-makkers
mei hun frede-fan-neat
ek dit docht my goed:
Jo stipje rjochtfeardigen
Jo lizze in skyld yn har hân
wy moatte oerein bliuwe
tot oan my sels
(nei ps 6)
bidden is ôfsjen
de Unsichtbere sykje
tot oan my sels
bidden is net opjaen
in Wachter fermoedzje
ek yn ‘e nacht
bidden is loslitte
doe hat Er my fûn
nou skamje ik my
frij-út libje
(nei ps 7)
God, befrij my
ik ha gjin libben
se traepje my fyn
wurd wekker, God
ik sykje myn rjocht
die ik it net goed
lit se dan mar komme
mar Jo as myn rjochter
kin hin to plak sette
en my oerein hâlde
ik tankje no myn God
Hy docht as syn namme
Hy komt as myn rjochter
Hy seach my al gean
Hy kin hifkje ús hert
Jo skepping en ik
(nei ps 8)
Heare, ús Hear
oeral kom ik Jo tsjin
as de himel is Jo macht
bern hawwe der each foar
mar dy’t ôfgean op ik grutte
reitsje dy trie kwyt
sjoch ik omheech
nei dat fingerwurk fan Jo
wat is dan in minskebern?
Jo sjogge de himel yn him
dy’t ús ierde glâns jowe kin
as skriuwer fan Jo namme
Heare, ús Hear
myn berne-eagen
kinne Jo wurken lêze
sy fine in wrâld fan wûnders
yn dizze sa brekbere ierde
alles wurd der oars fan
ús fijannen en God
(nei ps 9)
it is Jo namme
oerol boppe út
dy’t ús libje lit
wy wiene oanein
ús hânnen slap
ús eagen dôf
it rjocht wie yn pûn
de fijan oer ús hinne
de takomst ticht
wy wiene bang
ús leauwe lyts
mar wy hiene Jo
Jo wiene yn ús roppen
de grûn ûnder ús geduld
wy stean yn Jo rjocht
by God y ‘e pleit
(nei ps 10)
werom bljuwe Jo
sa fier út ús sicht
is it nog net genôch
mei dy ferkearden?
sy smite mei jild
ha de noas yn ‘e wyn
pakke de ûnskuldigen
sitte stumpers op ‘e lea
want ‘God sjocht it net ‘
kom ús kant op, God
sjoch dy bange minsken
Jo namme hjit helper
sy stean der allinnich
Jo macht sykje ik
Jo hân op Jo minsken
freegje ik to folle?
by Jo liz ik dit del
ús fûneminten
(nei ps 11)
werom soe ik
flean as in fûgel
nei bergen fier wei?
God is myn ûntwyk
tagelyk bin ik bang
dy ferkearden dogge mar
de rjochtfeardigen ferlieze
de fûneminten bejouwe it
Jo skôgje de wrâld
Jo hifkje minskebern
Jo litte it rjocht komme
mei ik freegje: wannear?
de lytse marge
(nei ps 12)
wêr binnen se noch
de trouwen ûnder ús
dy’t libje fan leauwe?
sy binne der wól
dy’t libje fan it grutte
dy’t de lytsen net achtsje
de glêdde praters
dy doare to sizzen:
wy binne de wet
Jo witte myn wei
Jo wize my it pead
my is dat genôch
hoe lang, God?
(nei ps 13)
hoe lang, God
ferjitte Jo my al
wachtsje ik mar
ik hâld it net mear
sy leitsje my al út:
‘do mei dyn leauwe’
ja, sy tochten it al:
‘is dit dan dyn God?”
myn ferwar is lyts
Jo freunskip is grut
wif gean myn fuotten
mar Jo stêf ha ik fûn
it goede en God
(nei ps 14)
ienris wiene der minsken
dy’t seinen: God is âld wurden
fersliten troch al dy ieuwen
Hy is allang ús God net mear
der wiene ek oare minsken
sy wiene earder ferbjustere:
‘binne jimme it dan kwytrekke
dat it Goede altyd ferhoalen giet’?
Hy of Sy ferskynt eltse dei
giet net te missen by jim lâns
jowt oan ús deistich libben Glâns
mar tichte eagen sjogge gjin Wei
jim witte, al sa lang giet God
yn syn Trou dy’t minsken fynt
yn syn Leafde dy’t minsken bynt
syn Hope set ús wer yn it ljocht
as minsken sizze: der is gjin God
witte se net mear wat ûntfange is
wurd God it lot, is it goede ferkocht
bliuwt der neat oer as tsjusternis
wa mei der wêze
(nei ps 15)
wa mei stean
in wente fine
yn Jo romte?
wa’t self in dak is
in plak om to wêzen
wa’t self in doar is
nei in oprjocht libben
wa’t self in finster is
ljocht nei oaren ta
dy hâld it kwea fier ôf
dy tinkt net yn jild
dy rabbet net sa mar what
dy komt op foar de ûnskuldige
dy ferjit de earme net
dy wol ûntfanger bliuwe
dy mei stean
hat in wente
syn romte hjit God
Goede rie
(nei ps 16)
ik moat it kwyt:
sûnder Jo kin ik net
Jo kinne my bewarje
my op it Paed hâlde
net altyd stie ik sterk
ik liet my meinimme
ik woe gjin ried hearre
ik liet my ynpakke
no bin Jó myn Hear
al dat grutte is mar skyn
Jo ha myn hert rakke
it wurd al ljocht yn my
rjocht fan libben?
(nei ps 17)
rjocht fan libben
jow my dat, God
Jo ha ik foar eagen
mar lyts fiel ik my
sy binne tsjin my
Jo binne toch foar my?
is dit leauwen, God
der faak allinnich foar stean?
hifkje my mar
ik bin toch ûnskuldig?
mei ik Jo antlit wachtsje
as ik bid yn myn nacht?
mei ik dit noch freegje
as apel fan Jo each?
Jo namme
(nei ps 18)
ik sjoch myn libben
en troch al myn dagen
giet der in Namme
dy’t alles oanrakket
wrâld en minsken
dy Namme is to folle
foar inkele minske-wurden:
Hy hat ear foar earmen
is ferlangen nei rjocht
romte fan ferjowing
faek ûnsichtber is Hy:
stille krêft yn my
ljocht yn tsjuster
macht fan leafde
hûs foar frjemden
dizze Adem yn ús
giet oer Muorren hinne
wy stean yn syn Stream
Jo namme giet rûn
as in messias fan hope
ik wurd wer
(nei ps 19)
hjir stean ik
ûnder Jo himel
ik fal stil
fange mei ik se
al die echo’s fan Jo
ja, hjir ûnder
as de sinnne
falt Jo ljocht
it jowt ús glâns
Jo wei ís dy sinne
wy krije wer eagen
en ik wurd wer
gebed foar de kening
(nei ps 20)
dat God jo helpe mei
as de tiiden swier falle
dat Hy jo riede mei
as it by de hânnen ôfbrekt
dat Hy mear wêze mei
dan it ferstân yn jo holle
God syket in messias
dy’t it rjocht libje lit
dy’t self lyts wurde kin
dy’t it roppen heare kin
dy’t minsken oerein set
dy’t wit dat er falle kin
macht by de grasy
(nei ps 21)
komt dêr noch in tiid
dat Jo hege holle hearen
de wacht oansizze mei?
dat Jo stille revolúsy
haters ferdriuwe mei?
wannear komt Jo tiid
dat in oare Macht it wint
dat de hegen ear yn lizze
om te liene fan Jo lúster
om te hearskjen mei har hert?
kleipsalm
(nei ps 22)
myn God, wer bliuwe Jo
werom ha Jo my ferjitten?
rop ik noch net genôch?
myn beker is leech
myn stôk brutsen
ik libje nei de dea
om my hinne hear ik:
God kin him toch helpe?
se gnize en skodholje al
wer binnen no dy tiiden
dat Jo memme-earm der wie?
wy koene der wol fan sjonge
ik moat dit úthâlde
net leauwe yn myn leegte
Hy docht mear dan wij fiele
yn syn tiid libje wy
Hy heart wat ik net siz
se meie it hearre fan my
de hoeder
(nei ps 23)
alles yn Syn hân!?
Hy makket it goed?
dit slacht op my?
ik mei gean
Hy wiist wol
Hy hjit Hoeder
bang wêze is minslik
mar ik hoopje op tiid
syn stôk to sjen
altyd is der mear
dan ik foar my sjoch
Hy hâldt syn beker klear
Syn ierde
(nei ps 24)
is it noch wier
de wrâld is fan God
en wy minsken ek?
as wy bûgjen leare
giet der in poarte iepen
nei in suver hert
as wy freegjen doare
wurde wy self in poarte
nei it rjocht fan God
ús hânnen wurde skjin
ús wrâld in nye wente
God hat it wûn
de wei leare
(nei ps 25)
dat frjemde yn my
dat net to kearen is
myn langst nei Mear
en dan wachtsjen leare
de measte libbenstiid
it giet by opjaen lâns
God hâldt it yn ús iepen
in lytse hoeder to wurden
in minske as ûntfanger
syn wei leit al yn ús
bliuwt freegjen nei myn hert
altyd grutter as myn skuld
sa makket Hy romte yn my
ik wurd stim fan syn rjocht
in minske dy’t wier wurd
sa wachtsje ik op Jo
it bidden sil ik net ferleare
ik bin in paed fan Jo wei
ûnskuldig
(nei ps 26)
hifkje my, God
ûnskuldig bin ik
mar dizze ûnminsken
se priizje it kweade
mar ik ha Jo foar eagen
hjir stean ik, God
myn hânnen binne skjin
mar no rint it út ‘e hân
ferkearden falle ferkeard
mar Jo sprekke my fry
yn it ljocht
(nei ps 27)
God is myn ljocht
ik kin it libben oan
Hy set my oerein
as it my beneart
Hy ferlit my net
as ik bang bin
somtiids wol it net
bin ik alles kwyt
gjin helper, gjin hope
ik rop, gjin antwurd
it leauwen liket dea
en der sit ik dan
mar bin Jo dat dan
as in ferlangst yn my
dat ik Jo sykjen bliuw?
dochs Jo as myn hope
boppe al dy minsken út?
sa moat it wol wêze
rop om help
(nei ps 28)
dat hie ik net tocht
dat Jo dôf lykje
in tichte doar
en ik mar roppe
Jo sizze neat?
Jo as myn basis?
Jo as myn adres?
en Jo litte my sa?
kinne Jo ferdraege
dy’t mar wat dogge
en libje fan de skyn
krije sy dan gelyk?
ik skamje my no
ik wie de Trie kwyt
ja, kleie mei fan Jo
Jo segen bliuwt wol
de stim fan God
(nei ps 29)
der binne dagen
dat Jo it skine litte
dan ha ik de hichte
dan hear ik oeral Jo stim
Jo macht hjit oandacht
giet rûn as in stoarm
klopt op ús finsters
skuort it tichte iepen
Jo stim taelt nei it hert
is in oase yn ús woestyn
lit flammen falle yn ús tsjuster
en dy hufters hearre it noch
tankliet yn e nacht
(nei ps 30)
alles siet ticht
ik wie der syk fan
dochs wiene Jo der
ik neam dat genede
rop ik Jo der by
as ik bin as de dea?
ik moat it faek leare
boppe my self út
ik klei én gean iepen
en God is der noch
ja, ik mei it jim sizze:
der is Mear as de nacht!
feilich yn need
(nei ps 31)
is der noch ûntwyk
as de need heech is?
ik wie dy flakte
de wyn wie hurd
myn klean yn rafels
myn fuotten ferrûn
ik wist fan it goede
mar net yn myn hûs
en dan al dy minsken
dy’t it minne ferkeapje
der giet in Trou rûn
dy’t foar my makke is
forjouwing
(nei ps 32)
lokkich kinst wêze
as God syn ferjouwing
oer dyn skuld lizze mei
dat Hy it al loslitten hat
as wy it noch fêst hâlde
ja, ús giet it hast to fier
dat Hy misdied ferjan kin
dat hy noch brêgen slaen wol
wer’t wy doarren slúte wolle
wy kinne Him net folgje
as God ús lêze mei
komme minsken by har hert
sjogge sy bûten har finster
praete sy mei in oare tael
wurd God in ring om ús hinne
wa’t God heart
(nei ps 33)
wa’t God heart
docht de stilte oan
ferwûndert him
de bergen sprekke
de see jowt werom
wa’t God heart
libbet mei ûntsach
pronkt net mei krêft
mar mei de genede
God jowt hope werom
wa’t God heart
kriget in skyld yn e hân
om noch oerein to bliuwen
yn in wrâld fan fraegen
fertrouwen is syn antwurd
God nêst ús
(nei ps 34)
myn mûle seit it
mar myn hert noch mear :
God docht ús goed
rêdt it goede yn ús
troch alle kwea hinne
bliuwt dy stille hoeder
dy’t hope yn ús bewarret
as in glâns oer ús libben
hâldt God it yn ús fêst:
wy binnen minsken fan Him
derom harket Hy nog mear
as wy it paed kwyt binne
Hy sil in beskermer wêze
as wij swier te lijen ha
Hy hâldt it wekker yn ús
dat paed nei it rjocht ta
Hy kin myn tonge bewarje
it negatieve gjin kâns te jaen
geandewei wurd ús geast frij
om ek hoeder te wurden
yn dat wiide lân fan God
myn striid
(nei ps 35)
jow my mar in ingel
God, it mei no wol
it duorret my te lang
hawwe Jo ús ferlitten?
is it noch net genôch
what sy my oandogge
dy’t my brekke wolle?
litte Jo dat gewurde?
wer is dy hân fan Jo
dy’t my der úthellet?
wer is dat rjocht fan Jo?
krije sy dan hin sin?
ik liz it mar op Jo taefel
dit lange gebed yn mineur
it giet mar troch my hinne:
wêr is dat grutte fan Jo?
de boarne yn my
(nei ps 36)
is dit net frjemd yn ús?
wy litte ús ynpakke
troch what net doocht
de sûnde is in flaiker
bedroch wurd in freon
skuld praete wy goed
it ferkearde wurd in wei
samar kinne wy ferjitte
hoe’t wy makke binne:
mei ljocht yn ús hert
de leafde as ús wei
Jo de boarne fan it libben
Jo de wiize macht yn ús
Jo de berg yn ús delte
wat wolle wy noch mear?
jou it oer oan God?
(nei ps 37)
Jo witte it wol
Jo wrâld kreaket
it goede bliuwt lyts
it ferkearde grutter
it jild hat alles bedoarn
wurde minsken ea gelyk?
de earme kriget gjin kâns
de ryke giet mar syn gong
ja, ik wit it wol
Jo litte ús net los
Jo jowe ús ek genôch
faak by ús eagen lâns
ús sjogge Jo wol:
dat wy grûn kwyt reitsje
Jo nimme ús by de hân
foaral as wy ûndergean
en al dy kweaminsken
mei ûnfrede yn e mûle
Jo hawwe se al ferflokt
sa moatte wy ek dwaen
wêrom, Hear?
(nei ps 38)
wêrom, Hear
ik wachtsje op Jo
hjir is myn pine
toch net fan Jo?
freonen, Hear
witte al, hearre net
hâlde net sa fan lijen
distânsje leit har better
Jo hearre oars
en al bin ik net skjin
ha ik dit dan ferstjinne r
fan Jo as myn Hear?
in gast by Jo
(nei ps 39)
ik hie grutte wurden
se binne al lytser wurden
ik seach nei myn dagen
en noch mear nei my sels
en waard in sucht foar Jo
ik seach te folle nei oaren
ik makke my drok om neat
no ha ik in oare kant sjoen :
myn dagen bin net sa folle
mar gast bliuw ik by Jo
yn lege dagen
(nei ps 40)
doe’t leechte
myn grûn wie
gie ik iepen
minske foar Jo
net te grut
om te freegjen
net te lyts
om op te stean
hâld noch wol
Jo trou boppe my
Jo wierheid yn my
Jo ferjowing efter my
yn sykte
(nei ps 41)
dy leafde fan Jo
ha Jo noch what oer?
besike wurd ik
troch eangst-dreamen
ik hear te folle treast
te min in freon mei in fraach
úterje woe ik myn siele
mar se praete oer my hinne
lit Jo genéde mar komme
myn doar sil iepen gean
ûnwennich
(nei ps 42)
dat byld fan Jo
Jo ha dat lein yn ús
derom sykje wy Jo
ús toarst is dy fan Jo
it is al lêstig genôch
dat Jo ûnsichtber binne
se freegje dan ek noch:
wer bliuwt dy God fan dy ?
ik sykje dan it bern yn my
dat noch altyd sit yn my,
troch al myn triennen hinne
klop ik mar op Jo doar
ik bin sa lyts as in minske
ik stean ek net altyd sa sterk
kin fragen oer God slim ferdrage
Hy bliuwt myn hope yn e nacht
dochs
(nei ps 43 )
ienris wiene Jo
dy ûnsichtbere doar
nei myn keamer
ienris lake
Jo wierheid
my temjitte
no hat
de nacht my
yn syn macht
no sit
dit ûngewisse
yn myn bloed
ienris syket
myn langst Jo
wêr op
ienris sil ik
noch komme
foarby my sels
God foarby?
(nei ps 44)
langst ha ik, God
nei tiiden fan foarhinne
doe’t Jo de Namme wie
doe’t wy ljocht hiene
is Jo fuotstap ôfbûgd fan ús
dogge Jo hjir gjin wurken mear?
is der by Jo in doar ticht gien
of hawwe Jo ús what ferjitten?
langst ha wy, God
of litte wy ús net mear rêdde?
ha ús fuotten sels in paed fûn
kin Jo ljocht ús net mear fine?
doch wat, siz ik tsjin God
mar Hy hat nea mei ús brutsen
Hy hat allang oan ús lutsen
kom ik dan sels sa maklik oerein?
leafdessang
(nei ps 45)
wy loofje de leafde
se is sa goed as God
sjocht fierder as it kwea
se siket altyd het hert
se makket minsken bliid
wy loofje de leafde
se is de doar nei in oar
se is it stjûr fan de hoop
se hat wierheid foar eagen
lit har mar kening wêze
wy loofje de leafde
se is ús altyd foarút
se is dy Bôge boppe ús
hat altyd wurk oan ús
en se hat altyd gelyk
God hat ús
(nei ps 46)
sterk binne wy net
eangst grypt ús oan
Jo bliuwe ús krêft
oeral kreaket it
skreauwt Jo skepping
Jo steane foar ús yn
it is ús faak te folle
en ús kanne faak leech
Jo jowe ferwar
te lyts bliuwe wy
foar it grutte fan God
Jo litte moed efter
net to sizzen
(nei ps 47)
God,
net te sizzen
is dat sjen fan Jo
net nei te gean
dat bliuwen fan Jo
net te beskriuwen
dy krêft fan Jo
God,
lit it ús mar sjonge
dan leauwe wy better
lit ús mar stil wurde
dan heare wy Jo stim
lit ús mar sykje
Jo fine ús wol
oerhâlde
(nei ps 48)
wa
docht dy what
as’t mei God
stiennen sykest
foar it hûs
fan dyn libben?
what
kin dy oerkomme
as Syn stilte
altyd mar wer
romte freegje mei
yn dyn wurkkeamer?
bin ik te keap?
(nei ps 49)
kin sa’n minske bestean
dy’t wennet yn syn fermogen
dy’t libje op what se sjogge
dy’t fertrouwe op eigen namme?
har gewisse sprekt net mear
har hert hat al in lospriis betelle
gelok wolle se net by wiisheid helje
foar God binne se dwaas en dom
God sjocht se as in keppel skiep
sûnder hoeder op wei nei de dea
de macht fan it grutte sit yn ús lea
in minske fan God is net te keap
fragen fan God
(nei ps 50)
sil Ik ûnskuldig hâlde
dy’t God-ferjittend libje?
sil Ik noch ferdraege
dy’t gjin minske sjogge?
haw Ik honger nei discussy
en toarst nei what liket?
mei Ik dan net komme
freegje nei myn rjocht?
what ha Ik oan wurden
dy’t net fan dy sels komme?
what ha Ik oan dieden
dy’t net foar oaren binne?
kinne minsken stjêrre
sûnder libben te sjen?
dizze sûnde
(nei ps 51)
hjir stean ik, God
Jo himel falt hjir
oer my hinne
ik sjoch my sels
Jo sjogge my oan
what noch te sizzen?
Jo joegen my alles
as in sinne wiene Jo
hoe koe ik sa dwaen?
ik jow my oer oan Jo
jow my fan Jo wêrom
frij om wer te gean
oer in brutsen geast
sette Jo in nije himel
ik bliuw yn ‘e lear by Jo
de dictator
(nei ps 52)
it giet him neat te fier
de dictator mei syn honger
hy hat it mar drok mei bedroch
it swurd is syn bêste ferhael
wy huverje, ferleaze de moed
mar ferjitte it ferhael fan God
Hy set ús de Godsfreon foar eagen
Hy sit efter ús roppen om rjocht
wy meie in olivebeam wurde
mei woartels yn it hûs fan God
Hy tilt ús oer ús ûnmacht hinne
hope hat by Him it lêste wurd
it wurkjen fan God
(nei ps 53)
God is der net
kinne dwazen tinke
it goede rêdt it net
God wurket net mear
se wolle it net sjen
brûke net har ferstân:
as nimmen mear freget
hat God gjin hânnen mear
God is in stille syker
dwers troch ús lagen hinne,
wy tinke to folle fanút ús sels
God mikket op dy kearn fan my
to faak is God verbjustere
minsken dogge mar what
it goede hat gjin Namme mear
hat de wrâld har hert ferlern?
as wy God talitte doare
sil Hy ús beskamme meitsje
sille wy séls ferbjustere stean:
Hy wurket troch ús hinne!
Helper?
(nei ps 54)
sjoch my oan, God
libje wol ik foar Jo
mar der komme se
sjogge my net stean
en noch minder Jo
sjoch noch ris, God
se spielje op skerp
lit Jo dat gewurde?
in minske yn need
litte Jo dy stean?
Mear dan hjoed
(nei ps 54)
dizze wrâld is te grut
myn bidden te lyts
it giet om Jo namme
hoe halde wy it út
it ljocht as myn hope
waeit hjir oan en út
wês Jo wer myn stander
myn nacht hat wer ljocht
fêst rûn?
(nei ps 55)
wie ik mar in do, God
mei wjukken om te gean
want hjir is it ûnheil en haet
men kin elkaor net ferneare
freonen feroare yn fijannen
minsken wurde bang en beefje
God, wer kin ik my deljaen
de ferkearden nimme it wurd
de goeden stean der allinne
Jo wrâld wurd in wyldernis
Jo timpel is net mear ús hûs
reitsje minsken de Trie kwyt?
Jo wolle myn kleien hearre
myn lêst hat by Jo in plak
en al skynt Jo ljocht noch net
it wurd al what lichter yn my
Jo reitsje myn wûnen oan
Jo jowe myn fuotten grûn
dochs
(nei ps 56)
se krije it wer klear
se triuwe my yn it near
se breidsje kwea oan kwea
se libje as wie der gjin Hear
it bittere leit yn myn mûle
fertrouwen op Jo wol net mear
ik woe dat ik it sizze koe:
what soe in minske my dwaen?
dochs, stiet it net yn Jo boek
Jo heine triennen yn Jo krûk?
ik weagje it dochs mar te sizzen:
what soe in minske my dwaen
Jo wjukken
(nei ps 57)
bergje my, God
ûnder Jo feilige wjukken
kâld binne de swiere loften
ik bin sa bang
bewarje my, God
ferdriuw dy âlde ljiuwen
se benearje my al te lang
ik bin Jo minske
myn dagen, God
se rinne oer fan fragen
Jo hânnen wolle my drage
ik fyn wer rêst
wa is ús God?
(nei ps 58)
in protte soannen fan Adam
litte goaden har gong gean
sy praete it leafst oer geweld
it begearen is gjin fraechstik giet mar bêst
belangen sitte gin luchstje oan
efter har doarren wurket de skyn
in protte soannen fan Adam
sykje in Namme heech te hâlden
dy’t langst yn har wekker hâldt
om te libjen nei wat goed docht
sy wolle witte wat wier wêze kin
har leafde syket in wei nei hope
fijânnen
(nei ps 59)
litte Jo, God
wiere fregers nei Jo
falle yn húnende hânnen?
ik sykje Jo poarte
dogge Jo noch iepen?
sy wâdzje oer my hinne
as ik ûnskuldig bin
wer bliuwt dan Jo macht?
sy slaen de spot ek mei Jo
jow my in tekken, God
oer myn eangsten hinne
Jo bliuwe myn hope
God, ús help
(nei ps 60)
it falt net mei, God
der altyd boppe stean
as ús grûn skodzet
as wy lam slein binne
stean ús by, God
as niks mear fêst stiet
as it wurd ‘mines’ alles is
as it lot de wei wurd
as it kin, God
liz wer langst yn ús
nei in krêft boppe ús sels
fan minsken komt it net
oan ‘e rânne
(nei ps 61)
Jo witte it noch, God
ienris wie ik Jo gast
wie ik myn leauwen
ik bin dat net mear
ik wit it noch, God
Jo wjukken boppe my
Jo freonnen nêst my
in muorre om my hinne
jit it wer yn my, God
wat ik hast kwyt wie:
Jo bliuwe dy hoeder
dy’t dizze syker fine kin
allinne by Jo
(nei ps 62)
allinne by Jo
wint net it lûd
mar de stilte
allinne by Jo
sjoch ik in spegel
wurd ik wier
allinne by Jo
krimpt myn ego
in oar mei my fine
allinne by Jo
wurd ik rjocht dien
myn hope ûntstiet
allinne by Jo
bliuwe fijânnen minsken
ik siz al neat mear
ûnderweis
(nei ps 63)
al sa lang witte Jo, God
dat ús grûn faak te droech is
dat it smachtsjen nei Jo
in lange wei wêze kin
myn mûle hat wol wurden
mar myn hert en myn siele
komme mar in lyts eintsje
Jo witte dat al sa lang
yn myn bêd mimmerje ik:
--as myn dei wêr lâns komt--
Jo hân wie dêr dochs altyd
soe dat moarn oars wêze?
kweaminsken
(nei ps 64)
dat ûnferhoedse
dat ûnberekkenbere
dat tjsuster gedoch
foar Jo in âld ferhael
se tinke dat se wat binne
se binne wat se faak tinke
se sykje ‘it binnenste fan in man’
Jo eagen witte der fan
wy kinne ús faek net verweare
wy bliuwe minsken fan hope
wy teare op wat ús oerein hâldt:
wy libje op it binnenste fan God
God is stilte
(nei ps 65)
God is stilte
tusken myn tinken
romte makket Hy
as ús doar ticht sit
swije kin Hy
as wy it al witte
rêst is Hy
as wy te folle wolle
in krêft is Hy
as wy it opjowe
genede is Hy
as wy it net binne
wa kin libje
(nei ps 66)
wa kin libje
sûnder Jo sike
wa kin sprekke
sûnder Jo tael
wa kin gean
sûnder Jo takomst
wa kin twifelje
sûnder Jo wissegens
wa kin djipte oan
sûnder Jo trou
wa kin útglide
sûnder Jo geduld
wa kin bidde
sûnder Jo stil-stean
wa kin tanke
sûnder Jo jeften
God talitte
(nei ps 67)
litte wy God talitte
dat Hy ús liede mei
ek as wy fêst rinne
as God op ús wrâld
it rjocht oerein hâlde mei
dan wurde lieders tsjinners
sprekt wierheid fan sels
is frede gjin fraech mear
falt bliidskip yn ús hân
litte wy God talitte
sa’t de ierde de sinne talit
sa binne wy skepen
God is
(nei ps 68)
God is ús Namme
it grutte wurd lytser
wy krije romte
God is ús Reislieder
troch wyldernis hinne
der bliuwt in paed
God is de Hielende
op syn hânnen draecht Hy ús
der kin wat by ús brekke
God is de Rjochtfeardige
Hy kin machten mjitte
wierheid bliuwt oer
God is Takomst
Hy hâldt in trie fêst
dea is it lêste net
Jo wente?
(nei ps 69)
skôkt bin ik
omleech helle
mismoedich wurd ik
gjin rêdden oan
mar rêd my, God
in rjochtfeardige God
mei dy noch bestean?
har haat wurd net wurch
se tramtjearje myn hope
wenje woe ik by Jo, God
se winskje ús de djippe see
in God fan rjocht hjitte Jo
jow my myn bliidskip wêrom
fêst rûn
(nei ps 70)
ik fiel my sa keal
as in blêdleaze beam
wer kin ik hinne
as Jo der net binne?
Jo rjocht skynt as de sinne
ha ik dit ûnrjocht dan ferstjinne?
âlde dei
(nei ps 71)
is der noch hâldfêst
as myn dagen ferglide?
jowe Jo in stôk nêst my
as myn fuotten it bejowe?
bewarje Jo noch wat
as it kwea my wer pakt?
Jo leine trou op myn wei
kin dizze trie ea ferslite?
no ik âld en griis bin
lit Jo genede mar bliuwe
ek dat goede út Jo hân
in minske libbet op hope
in dream fan God
(nei ps 72)
se stean der yn e sinne
nêst de kening op it balkon
se witte net wat se hearre
God hat de lytsen betocht:
Hy docht de earmen rjocht
dan bûge der de bergen
de delten komme oerein
de rein falt op de greiden
Hy sil de folken weidsje
oan ferdrukking komt in ein
Jo litte it yn ús dreame
wy minsken de iepen grûn
wy by Jo fredige wetters
ús hert en ús hûs rint al fol
barmhertigens hat it wûn
it spoar bjuster
(nei ps 73)
ik kin it hast net ferneare
it giet te goed mei ferkearden
dit kreaket allang by my fan binnen
wer giet it mei dizze wrâld noch hinne
God en goed, dat liket my ien
mar minsken drinke it kwea as wetter
stoer dwaen en út de hichte docht it better
God en syn morael lykje ôfdien
wy meie libje mei in frjemd Ferhael
lit sy dan mar wenje yn har ryk en fet
myn lytse hert ha ik deun by God set
dit stofke yn syn hân libbet op oare Tael
ús ferline en hjoed
(nei ps 74)
langst ha wy, God
nei tiiden fan Jo dieden
de leechte skreauwt, God
Jo litte ús noch wat sitte?
wer is Jo bystân, God
of sykje wy by Jo lâns?
hoe te hopen, God?
lit it ús knibbels witte
Jo namme, God
(nei ps 75)
Jo namme, God
lit ús wûnders sjen
as in mem skriuwe Jo
elke moarn myn namme
Jo beker wacht
syket Jo beminden
Jo hân rêst altyd
op wa’t gjin stim hat
Jo grime ferjit net
wa’t ûnrjocht stypjet
en pylders los makket
hoedzje wolle Jo ús
Jo namme, God
makket in liet yn ús los:
elk minske is in wûnder
Jo namme, God
witte jim noch?
(nei ps 76)
witte jim it noch
wie God it net
dy’t kaem as in heit
omtinkend as in mem
in hân yn ús rêch?
ferjit it net
Hy fynt in wei
troch ferdylgers hinne
Hy stekt fjûr oan
yn deade sielen
wer is God?
(nei ps 77)
Jo wei yn ús wrâld
wer is dy oan te wiizen
wer Jo hân te finen
wer Jo tael te hearren?
is it foarby, God
de tiid fan frommen
dy’t Jo hearre koenen
yn petear mei Jo?
bin Jo feroare, God
of sizze Jo dat fan ús
dy’t eagen ferlern ha
foar wat Jo wól dogge?
mooglik sykje Jo, God
nei wat Jo lein ha yn ús
in iepenens foar Jo jeften
sûnder dat libje wy net
wolle wy God lêze?
(nei ps 78)
moat ik dat wer lêze
dat âlde ferhael oer God
dat God der wêze woe
omdat wy der wienen?
wol God minsken lêze
dy’t tasizze en ferjitte
dy’t de wei freegje
mar leaver net gean?
mei God rjocht dwaen
en ús leaver oerslaen?
en God mar libben jaen
as wy ús sels betsjinje?
yn de himel sei in ingel:
Jo ferbûn is in ferkearde set
mar Hy liet de ingel swije
Hy sei: ‘sa bin Ik net’
romte foar God?
(nei ps 79)
brutsen binne wy, God
troch de slach fan de tiid
suchtsje wy noch nei Jo?
ús mienskip krimpt, God
Jo ûntfermens kaem wol
ha wy dy wol opheine?
om Jo skiep te wêzen
lit nije weide oer ús komme
troch al ús delten hinne
nij begjinne
(nei ps 80)
ûnwennig fiele wy ús
docht Jo ljocht it noch?
ienris wie der in liet yn ús
gie ús gong yn e hichte
sykje ús wer op, God
Jo keppel lit it hast sitte
wy sjogge gjin fjild fan hope
of begjinne Jo yn ús leechte?
wy sjogge hjir yn in spegel
lear ús wer Jo Letters lêze:
Jo Ferhael as in ferhoalen wei
dwers troch ús triennen hinne
libje foar God
(nei ps 81)
wy sjonge wat wy sykje
boppe al ús kleien út
wy libje fan wat wy net binne
wy hâlde fan grutte wurden
wy besette graach it hiele fjild
God wachtet op ‘e rânne
it duorret soms in libben
dat God ús romte wêze mei
syn hân giet troch see en lân
twifel
(nei ps 82)
ik wit it soms net mear
kin God de goaden oan?
eagen en earen sizze:
ús hope hat it ferlern
wy ferlieze de leafde-slach
as earmen it heil ûntrinne
as it rjocht syn tiid hân hat
dan wykt de grûn ûnder ús
kinne wy de goaden oan?
ik wit it soms net mear
Israël
(nei ps 83)
altyd wer Jo lytsen
God, dy’t bliede moatte
ûnder haatske fuotten
sy meie dêr net wêze
jow wer in sêfte wolk
God, in dimjend fjûr
rûn har âlde dreamen
de wrâld mei it witte
as in fûgel
(nei ps 84)
ik bin dy fûgel
ûnder dat âlde bynt
lit se mar komme
it waer en de wyn
myn plak ha ik fûn
wiis my in paed
as de delten net laitsje
as dêr gjin oase winkt
lit it dan in bytsje reine
mei de seine fan boppe
ik jow myn lok mar troch:
ien dei in blyk fan Jo wêzen
ik kin dêr tûzend oare mei lêze
op jo krêft kin dizze fûgel fleane
in skûlplak ha ik ûnder Jo sinne
foarby ús sels
(nei ps 85)
soms sitte wy
yn dat âlde lân
wêr’t it goede it net rêdt
om’t it kwea syn kâns grypt
it is fanút ús sompe
dat wy freegje om Jo macht
mar Jo wiize wer nei ús sels
Jo wei leit foar it grypen
foarby ús sels
stâlle Jo it wêr út
en it rjocht en de frede
kuierje mar wer by ús lâns
net fier fan ús is it
ny lân foar ús fuotten
en it is Jo net te min
ús by de hân te nimmen
wei nei leauwen
(nei ps 86)
as myn dagen
Jo wei neisizze wolle
lêz myn hert, Hear
as Jo dieden
my eagen jowe
hâld my iepen, Hear
as ik myn libben
op Jo kaert sette wol
bewarje myn geduld, Hear
as myn bochten
wat al te frjemd útpakke
kom temjitte, Hear
as ek myn triennen
yn Jo krûk passe
wêz myn hope, Hear
as Jo wûnders
ek op my wachtsje
jow my eagen, Hear
optocht fan God
(nei ps 87)
dat frjemde plak op ierde
dy’t hjit de stêd fan God
der libje se fan de himel
der bin wy minsken berne
ik bin der net allinne
God lit de folken komme
oer al ús hege bergen hinne
it wurd my hast wat te folle
God hat dizze optocht betocht
en der stean se yn syn ljocht
Babel, Tyrus en sels Filistea
Hy triuwt se samar nei my ta
ik moat der noch wat oan wenne:
‘alle folken as wiene se der berne’
God set in streek troch ús behâld
Hy sjocht sa wiid as de wrâld
yn de need
(nei ps 88)
hear my, God
ik bin myn need
ik bin it lijen sêd
wêr binne Jo no?
as in blyne, God
sykje de dagen my
ik bin hast tsjuster
wêr is Jo hân?
de noed, God
is al myn buorman
it grêf sjocht my al
hearre Jo noch, God?
ûnwennigens
(nei ps 89)
de eareblyken
fan Jo guensten
ha Jo falle litten
op al dy minliken
op David en al dy minsken
nei Jo hert
Jo litte ús sykje
tusken al Jo fertrouwen
nei ingel-minsken
as Augustinus
Franciscus, Luther
King en Teresa
Jehannes de 23e
en myn tante
kin it wêze
dat ek hjoed noch kromkes
fan Jo tafel falle kinne
lit my se dan opraepje
en mooglik fan ite
as ienris myn mem
Jo tiiden
(nei ps 90)
Jo tiiden
stean as bergen
rûn myn delten
Jo wetters
sille altyd wêr
myn greiden fine
Jo sinne
leit ús elke moarn
bleat as gêrs
Jo beammen
sille oerein komme
yn myn tún
opheine
(nei ps 91)
wa kin dy reitsje
as God taflecht hjit
wat kin dy befange
as God dy opfangt?
Hy jowt skaad
as de sinne stekt
Hy lit ljocht falle
as it nacht wurd
Hy is hoeder
as need ticht slacht
Hy is in berging
as de wei stôkt
Hy wurd in krêft
as’t swak stiest
Hy is in wente
as dyn tinte brekt
de eagen fan God
(nei ps 92)
in ûnnoazel minske
sjocht by God lâns
sil it ek nea begype
dat de macht fan God
is as trou yn ‘e nacht
God docht wat frjemd
Hy syket it gewisse
yn haters fan hope
yn leafde-brekkers
God bliuwt siedzjen
goede ierde syket Hy
troch al ús stikels hinne
en wat sil Hy bliid wêze
as wy fruchten wurde
syn rispinge wurdich
mei God
(nei ps 93)
soms strûpt it libben
ús samar alle klean út
it oerwetter slacht ús lam
gjin beaken yn sicht
as alles los slein is yn ús
ûnder wetter fier fan hûs
blykt der in Macht te wêzen
dy’t ús by de hierren grypt
sei: moast do dan earst sjen
foar as’t it leauwe doarst?
Ik bin de brâning de baes
Ik lear dy der boppe stean
tegearre mei Him moat it gean
Hy lit it brûzen yn my bedarje
syn takomst hat Hy my omdien
syn soan is letter oer wetter gien
rop om rjocht
(nei ps 94)
kom oerein, God
bidde wy al ieuwen lang
fanút ús benaudens
it bart op Jo ierde
hearen dy’t hufters hjitte
wanneer is Jo maet fol?
Jo earen heare it
al dy neisten sûnder hope
se roppe faak sûnder stim
wurd ús wreker, God
wenje net mear yn wachtsjen
ús hope moat it net bejaen
leauwe
(nei ps 95)
faak leau ik net
dat ik noch leauwe kin
dat Jo yn my lein ha
wat my to boppe giet
ik weagje dan mar
om Jo toan oan te slaen
alles better dan dy false
moaier is it faak net
ik reitsje dan oan
wat in wei wurde kin
altyd troch my sels hinne
mear wûnder dan lok
God oeral
(nei ps 96)
as myn dei wat lyts wurd
kin ik der better fan sjonge
dat der in Macht op ierde is
dy’t syn rjocht ergens falle lit
ûnsichtber syket Er syn wei
it komt te min op it nijs
al dy minsken dy’t rjocht sykje
of opkomme foar de minsten
dit giet de grutte wrâld foarby
mar yn e himel trillet in snaer
it paed fan God giet traech
it is mei ús sizzen net to dwaen
syn wei giet troch de folken hinne
it gewisse fan hege hearen syket Hy
litte wy net to lyts fan God opjaen
as God
(nei ps 97)
as God it sizze mei
wurd ús wrâld grutter
wy faek wat lytser
net to leauwen
as God de kâns krijt
moattte dêr knibbels bûge
komt alle skyn op taefel
geane troanen dêr oan
as God him heare lit
rakket Hy mei syn bliksem
dy’t bergen wanhope siedzje
dy’t de frede dea ferklearje
as wy God heare
fine goedhertigen wjukken
meie rjochtfeardigen it sizze
komt God en wy dan ek
de gong fan God
(nei ps 98)
dat dêr trou bestiet
dat dêr heil rûn giet
dat wy dat fange kinne
dat wy bidde doare
dat is de gong fan God
en as wy dat ferjitte
sizze de bergen it wol
jowt de see it wol oan
dat dêr in Macht sprekt
troch ús wêzen hinne
ús to folle
(nei ps 99)
dat God dêr boppe stiet
past net sa by ús ferstân
dat wy fan Him libje
giet ús echt wat te fier
dat syn leafde de measte is
taast te folle ús ego oan
God bliuwt roppen
tsjin ús stream yn
Hy wol wat mei ús
ek al sint ús dat net
God hâldt it mar fol
folgje wy Him noch?
ek wy
(nei ps 100)
ek wy
kinne meidwaen
oan dy einleaze optocht
fan al ús foarfoars
dy’t God meinommen
ek wy
hoopje op dat hûs fan God
dy’t har poarte ienris
foar al dy stroffelers
iepen docht
God wit wol
(nei ps 101)
soe God sjen
dat ik it suvere sykje
as ik wêr ûnderweis bin
om in neiste to wurden?
soe God it witte
hoe folle it wol freget
by my sels lâns te gean
in wier minske to wurden?
God tankje ik
fertrouwen is myn hânwiizer
dingen-fan-neat lûke my net
mear sil ik mar net sizze
tusken kleie en hope
(nei ps 102)
myn dagen, God
ferfleane as reek
ik yt jiske as brea
minsken ferjitte my
myn roppen rint dea
de nacht wacht op my
is Jo himel in dak?
set it oer my hinne
hjit Jo namme genede?
jow my dêr wat fan
ik bin dochs Jo minske?
doch my Jo mantel om
wy hâlde oer
(nei ps 103)
God tankje ik
mei hiel myn wêzen
dat genede skreaun is
boppe al ús gedoch
earbarming fan God
falt as blydskip oer ús
wy bliuwe dêr jong fan
de dea fangt ús net
ferjowing jit God
oer al dy skuldigen hinne
Hy set ús in kroan op
as hiene wy it fertsjinne
God wiist op in blom
as wy noch in stien binne
ik ha net fan God wêrom
ik tankje God
ús Skepper
(nei ps 104)
ús toan is to lyts
ús wurden helje it net
dochs litte Jo my stean
yn Jo glâns en gloarje:
Jo wolken as in wein
Jo wynen as boaden
sels twigen as Jo lûd
de ierde fangt Jo stim
Jo wenje yn de bergen
Jo jowe bisten har hoal
Jo hân rêst op it wetter
in minske fangt Jo stim
Jo hân is altyd iepen
Jo tún bringt altyd op
Jo jowe in minske siken
Jo jowe myn tael musyk
ieuwen mei God
(nei ps 105)
frjemde Skiednis
dy’my ynskrjiuwe wol
stean mei ik yn dy rij
dy’t har net skamje
minske foar God to wêzen
al dy God-fertaelers
al dy God-ferkenners
fan Abraham oan Moses
fan David oan Jesus
fan Paulus oan Luther
fan de Swijer oan Mandela
en hjir en dêr myn famylje
en al dy anonyme trouen
en al dy stille lijers
de rispinge fan har
is it sied yn ús grûn
it ferline fan Israël
(nei ps 106)
God en minsken
in ûntankber ferhael
fan wyt nei swart
giet it lâns by ús sels
altyd deselde fragen
wy wurde wat wurdich
fan God en syn minsken
en kin it dochs bestean?
God ropt en wy hearre?
wy hiene wat oars by de hân
God woe wat oan ús kwyt?
wy sieten ús sels yn ‘e wei
God kin faak walgje fan ús
wy dogge it soms fan ús sels
God hat it roppen noch net opjûn
wy ha earen om te hearen
wer’t God giet
(nei ps 107)
wer’t God giet
ha wy faak gjin weet fan
dêr wiene minsken mei toarst
mar sy moasten ellinde drinken
yn har woestyn ha sy ‘wêrom’ rôpen
en se waarden God gewaar
minsken wiene syk fan har skuld
alinne de dea koe har noch rêde
dêr keam Genede har temjitte
en se waarden God gewaar
ik skip fan minsken wie te lyts
foar de stoarm oer alles hinne
dêr wie in Hân yn dit needwaer
en se waarden God gewaar
minsken hiene it krop te heech
de earmen moasten it betelje
in Macht fan bystân kaem as help
en se waarden God gewaar
witte wy folle
wêr’t God giet
fertrouwe
(nei ps 108)
it wurd stil yn my
omdat Jo fan my witte
dan komt it goede lâns
as in sinjaal fan Jo
ik bin mar in minske
dochs nea út Jo tinken
Jo leafde kin skuld ferdrage
Jo trou is net te kearen
kwea rûnom
(nei ps 109)
se komme wêr lâns,God
minsken mei smarge hânnen
mei har mûle fol haat
wylst ik foar har bid
útsûgers binne it, God
minsken swart fan kwea
de flok is har liifdracht
it goede telt net mear
no’t ik sa beseard bin
jow my in finger fan Jo hân
om it goede yn my net op te jaen
jow my Jo mantel yn dit hurde lân
as God it sizze mei
(nei ps 110)
as ik sa fier bin
dat God it sizze mei
wurd ik in wier minske
wurd Syn rjocht dat fan my
is God in macht yn my
as God sa foar my is
kin gjin minske my brekke
mei ik myn holle optille
omdat God it sizze mei
as ik sa fier bin
God is ienfâldich
(nei ps 111)
God is ienfâldich
nea dûbel west
leafde wie en bliuwt Hy
ek troch myn libben hinne
ik doch God noch net
dûbel bin ik, net ien
mar syn langst nei ús
bringt ús by de ienfâld
as God mei ik neiste wêze
sûnder neiste is God dêr net
barmhertich is wiis wêze
myn wei wiist nei nij lân
gelokkich
(nei ps 112)
ienris plantte God
syn rykdom yn my
heare is no myn libben
leafde hat myn foarkar
genede en wierheid
wol ik foar eagen ha
it rjocht fynt my al
ik sykje de ienfâld
weelde en skyn
lizze my net mear
ik ha it gelok fûn
by de rêst yn God
net sûnder God
(nei ps 113)
wa kin as God
troch minsken sjen
wa kin oerein sette as Hy
as wy ús siele ferlieze?
wa kin as God
ferskopten rjocht dwaen
wa jowt as Hy
lean op ûnnutte wurken?
wa lit as God
genede oer ús hinne falle
wa slacht ús sa heech oan
dat wy ús skamje kinne?
tink ik oan God
(nei ps 114)
tink ik oan God
dan sjoch ik in Berg
dy’t de delte bewarret
sykje freegjende Streamen
de wachtsjende see
sjonge al dy fûgels
in melody fan Takomst
litte Bern my witte
net bang te wêzen
wol de Stilte sprekke
nei de frede ta
as God giet
(nei ps 115)
dêr komme se
de goaden fan jaen
mar se fulle net
de goaden fan lok
mar se holje ús út
de goaden fan grut
mar se blike leech
as God komt
is Hy dêr altyd sels
is lok wat Hy jowt
is Hy grut fan fertrouwe
is Hy tsjinner yn jêften
is Hy in stille stipe
is Hy leafde allinne
Jo wiene dêr
(nei ps 116)
doe’t de dea
my as in muorre wie
doe’t de hikke ticht sloech
efter myn bangens
doe’t myn wente nacht like
alles yn my yn‘e tiis rekke
ûnrêst myn brea waard
wanheap myn bêd wie
ha Jo myn hert klopjen heart
foel Jo ljocht yn myn tsjuster
wie dêr ynienen in Mantel
om myn leechte hinne
ik sjoch wer troch myn finster
it brea docht my wer goed
tank bring ik mei myn beker
de lêste leafde hjit God
Godtank
(nei ps 117)
foldwaande is it
ien amery genede
op in dei ta te litten:
dat wy omringe binne
troch eagen fan ljocht
troch hânnen fan heil
troch ivige trou
genede docht goed
(nei ps 118)
klinke meie wy
op it goede libben:
Jo genede docht goed
dat bliuwt ek stean
as ús ty keart:
Jo genede docht goed
bang kin ik wêze
wa kin my kwea dwaen
Jo hân lit net los
nimmen wit wat barre kin
mar sizze bliuwe wy:
Jo hân lit net los
de dea is dêr altyd
sa lang as wy libje
Jo doar hjit genede
nau is de poarte
wat witte wy noch
Jo doar hjit genede
Jo Wei I
(nei ps 119)
ik bin sa’n minske
dy’t Jo kant út moat
wat fierder as my sels
Wol-died docht my oan
ik kwea mei my net brekke
dizze blyne leart sjen
wiis wurd ik fan Jo wei
fijânnen wurde freonen
ik libje fan jeften
dizze goede rie
hellet it bliide omheech
wat sykje ik noch?
Jo Wei II
(nei ps 119)
party minsken
fûnen Jo wei
wat wifkje ik dochs
wurden fan Libben
wiize myn fuotten
ik wurd der wier fan
al dy anti-machten
warleas fiel ik my faak
Jo hâlde gjin skoft
Jo wet bin ik wiis mei
lit my longerje nei Mear
dan ik yn myn hân ha
al bin ik lyts en net yn tel
Jo lampe beskynt myn paed
ik wurd der bliid fan
in pylger bin ik
(nei ps 120)
in pylger bin ik
ik bid mar ik sjoch neat
ik wachtsje mar hear net
se hate myn hope
se wolle my wiskje
se ha my sawat
Jo frede winket my
ik bid en jow net op
ik bin in pylger
dochs
(nei ps 121)
as ik kom
yn suterige klean
fynt God my
as ik swalkje
beheind as ik bin
bliuwt Hy
as ik bang bin
fêst rûn yn my sels
hoedet Hy
as ik sliep
nacht foar eagen
bewarret Hy
de stêd fan God
(nei ps 123)
litte ek wy opgean
der leit de stêd fan God
de frede-poarte stiet iepen
al dy pylgers, sjoch se gean
foutten dy’t thús komme
oer alle bergen hinne
in Stim fan frede
docht elkenien rjocht
segenje wol Hy ús
ûntkommen
(nei ps 124)
as God ús dagen
net bewarre hie
as Hy oer ús nachten
net ljocht jûn hat
doe’t in floed fan geweld
ús fuort spielde as wetter
wiene wy as bange fûgels
fêstrekke yn har hate-net
doe wie dêr godtank Jo hân
as in anker yn ús djipte
ûntkomme liet dizze Helper ús
ús bange leauwen syket Hy op
God as basis
(nei ps 125)
as de bergen
rûnom Jersalem
bouwt God muorren
om syn minsken hinne
foar ivich
syn stêf jowt Hy
ús yn ‘e hân
syn rjocht stiet oerein
leit takomst fêst
foar ivich
Jo wierheid
jowt ús ferwar
Jo hope jowt stjûr
oan ús leauwe
foar ivich
ienris
(nei ps 126)
ienris
meitsje wy it mei
kin God it net mear oansjen
al dy bergen dy’t ellinde hjitte
dy’y ús de nacht besoargje
Hy docht it lêste ljocht oan
ienris
meitsje wy it mei
moatte al ús ferhoalen triennen
weisakje yn de lêste see
komt de rispinge boppe
fan trochsteane pine
ienris
meitsje wy it mei
wurde bekers oerfloed
útrikke yn hûzen fan hope
ite wy brea mei bliidskip
binne wy ús dream
elke dei
(nei ps 127)
elke dei
libje ik om ‘e nocht
as God my net iepen hâld
elke dei
hat God wêr tiid
foar dat ûnfolsleine fan my
elke dei
bou ik foar neat
as God gjin stiennen jowt
elke dei
is dêr Mear as my sels
dit is om troch te jaen
elke nacht
foljet God oan yn ‘e sliep
wat minder slagge wie
lokkich
(nei ps 129)
lokkich de minske
dy’t syn hûs bouwt
mei stiennen fan rjocht
dy’t syn doar iepen docht
foar in boadskip fan frede
dy’t syn tafel fol rinne lit
mei gerjochten fan leafde
dy’t syn muorre beklaeit
mei leaffrou barmhertigens
dy’t syn finster eagen jowt
op rêders fan hope
lokkich dizze minske
hjir stean ik, God
(nei ps 130)
hjir stean ik, God
ik rin fêst yn my sels
ik ha it net goed dien
by Jo mei ik komme
Jo hâlde gjin statistyk by
fan myn missers
ik sjoch mar út nei Jo
ik wachtsje op ferjowing
Jo litte my net stean
Jo kin los meitsje
wat fêst sit yn ús
in ny begjin wolle Jo
in stee fan God
(nei ps 131)
ik ferbyld my neat
ik hoeg net mear sels
ik bin in stee fan God
as in bern
lit ik my widszje
yn earmen freunskip
stilte rêst yn my
leafde hat my ynlaskje
ik mei dêr wêze
wente fan God
(nei ps 132)
as ienris David
iepen ik myn doar
foegje ik God yn
yn myn gewoane dwaen
syn stim yn myn earen
syn wink yn myn eagen
ik kin gjin rêst fine
tot God myn tinte fynt
mei God as myn lampe
fangt myn finster bliidskip
wurd ik ienris as David
in wente fan God
it is tiid
(nei ps 134)
it is tiid
om God te helpen
syn ynfloed te fersterkje
syn mooglikheid wier te meitsje
litte wy ús hânnen iepen dwaen
se útstrekke yn beskikberheid
krêften fan God falle ús ta
it wurd tiid
God heech hâlde
(nei ps 135)
sa leech as wy libje
sa heech giet in Namme
se omklamme inoar
God heech hâlde
is minsken heech hâlde
is altyd in lang ferhael
troch jaen wolle wy
dat ûntsach foar it gewoane
in died fan God wêze kin
God en minsken
meitsje tegearre barmhertichheid
Hy rekkent op ús
God hâldt fol
(nei ps 136)
dat God goed is
ús goed docht
syket in plak yn ús
God hâldt fol
dat wy syn byld binne
dat kin ús helpe
de leafde fan God
giet al hiel lang mei
wy libje te koart
grut is Gods geduld
troch al dat kwea hinne
en dat yn ús midden
God syn guenst
syket ús djipten op
wy sizze it Him nei
allinne God wit
(nei ps 137)
allinne God wit
hoe swart ús siele is
hoe’t ûnwennigens brekke kin
hoe’t wy yn bitterheid wenje
fier ôf binne wy
fan ús ferlangst nei Jo
lieten fan treast
akseptearre ús snaren net
wy bestean út âld sear
de deaden skine better út
docht de himel noch wat?
allinne God wit
wat Jo dogge
(nei ps 138)
Jo wurk moat it wêze
dat Jo trou my fine kin
dat wy libje fan Ljocht
Jo wiene dêr
doe’t ik gjin sinne seach
en dochs lei dêr in paed
Jo stekke in hân út
sa needrich as ik bin
Jo rêde in glimke yn my
Jo lizze elke dei
ivichheid oer ús bestean
sa koart as wy libje
Jo en ik
(nei ps 139)
Jo lêze, God
myn libben as in boek
Jo witte hoe’t de jierren
myn blêden fol meitsje
Jo witte hoe’t myn each
Jo dieden telle leart
Jo hearre hoe’t ik
Jo hope bergje wol
Jo lizze Jo hân
op myn ferlerne blêden
Jo witte hoe’t myn nachten
soms by dagen stekke bliuwe
Jo komme mei in lampe
myn fuotten temjitte
Jo omearmje yn omtinken
myn ferhoalen langst
fâldzje my derom iepen
foar Jo ivichheid
meitsje my warber
foar myn tsjinsprekkers
want wêr kin ik gean
en Jo wenje dêr net
wer kin ik dwelmje
wer’t Jo my net wiize?
tsjin it kwea
(nei ps 140)
bewarje my, God,
foar minsken op myn wei
dy’t fan mistrouwe libje
hâld my út de greep
fan slange-tongen
se libje fan striid
sette temûk in strûp
se gunne my gjin paed
har kwea sit my te djip
bin Jo noch myn God?
Jo kant wol ik út
Jo telle de ellindigen
Jo dogge earmen rjocht
Jo kin in minske ferwar jaen
mei ik rekkenje op Jo?
taflecht by Jo
(nei ps 141)
dit bin ik, God
dit is myn stille rop
dizze stim yn ‘e nacht
allinne Jo ha ik noch
ik wol net dêr wêze
wer’t sy mar wat sizze
wer’t it kwea wolkom is
ik doch mar myn gebed
oer myn goedens hinne
ha sy myn dea al betocht
mar by Jo sykje ik taflecht
myn bidden fâlt yn Jo hân
iepen foar Jo
(nei ps 142)
de skamte foarby
brekt myn skyl
iepen foar Jo
sykje my, sjoch my
hear my, fyn my
wêz my, rêd my
as in flinter
út syn grêf
sil ik fleane
op hope tsjin hope
(nei ps 143)
jow my rjocht
om te kleien, God
fêst rin ik yn it rinsân
fan dizze dagen
wer is Jo hân?
minsken jeie mar
op myn swakkens
en ik mar sykje
nei earder leauwen
mar ik wit net hoe
docht Jo trou it noch
yn myn woastine?
is der noch omdieling
fan bekers wetter?
by Jo sykje ik it
jow my in skyld, God
myn ferwar rint leech
it moat Jo krêft wêze
dat ik noch bidde kin
ik libje fan Jo rjocht
in minske en Jo
(nei ps 144)
hjir op ierde tink ik wol ris:
wie der mar wat mear himel
want sa hâlde wy it net fol
lit God mar wat mear yngripe
de ferkearden in kopke lytser
de fijânnen sichtber warleas
Jo witte wat ús pleaget
Jo skyld liket ús te lyts
Jo skûle is faak te fier ôf
Jo hope draecht ús te min
Jo wei sjogge wy net sa
kin it wat mear tichteby?
dochs is Jo macht der wol
yn sa folle wat it libben jowt :
minsken dy’t Jo hope útdrage
dy’t stean bliuwe yn har rjocht
Jo stille krêft yn sa folle eagen
minsken dy libje op Jo ljocht
altyd te folle
(nei ps 145)
al jierren sammelje ik
de wurken fan God
ik woe in kaske meitsje
wer’t freonskip yn past
en grif barmhertichheid
ek wit ik noch net
in plak foar tichtebyheid
lit stean ûntferming
myn planken kreakje al
Hy is my altyd te folle
Macht yn praktyk
(nei ps 146)
wy sjogge omheech
God sjocht omleech
der is mar ien Macht
dy’t wy helper neame
der is mar ien Stream
dy’t ús hope bringt
Hy jowt wat Er hat:
rjocht oan ferdrukten
brea foar hongerigen
eagen oan blinen
Hy ropt dat Er bliuwt
stêf foar brutsenen
wente foar ferballe
help foar ferliezers
wy sjogge omheech
God sjocht omleech
wa is God
(nei ps 147)
wa is God?
myn wurden wurde lyts
Hy jowt it gêrs
Hy telt de stjêrren
Hy siket gjin macht
mar wol deemoedigen
Hy hat wanhopen besocht
brutsenen in stêf jûn
Hy iepent tichte doarren
bout it leafst mei pûn
Hy betocht it ljocht
komt del as dau
wat doar ik noch sizze?
God is ûnfoarstelber
de wei fan God
(nei ps 149)
wy úterje ús
mei tael en liet
mei harp en sang
tegearre mei Israël:
God hat nocht
syn minsken te bergje
leit syn seine klear
foar de ienfâldigen
syn macht tsjinnet
dy’t gjin romte ha
Hy jowt se ferwar
yn har machteleaze hân
altyd mar wer
wol Hy it swarte omkeare
bouwt Hy mei ús ûnfermogen
in stêd fan hope
op ‘t lêst
(nei ps 150)
as al ús wurden
syn wurken net gripe
bliuwt der altyd oer
in liet foar ús Skepper
mei fluite en fanfare
mei oargel en orkest
mei trom en trompet
mei dûns en theater
midden ûnder ús
sieddet in jower
nea sil Hy opjaen
nij libben te jaen
Siebren van der Zee
Voor andere verwerking:
Klik hier voor de berijmde versie die Jaap Wiegers uit Olst maakte.
Klik hier voor de berijmde dialectliederen van Klaas van der Kamp.